East-Frysk Plat en Nederdútsk

Sûnt 2020 is der in groep minsken yn East-Fryslân aktyf ûnder de namme Jungfräiske Mäinskup. It is de bedoeling dat dy groep yn ’e takomst in feriening wurdt en dêrmei krijt de Jongfryske Mienskip yn East-Fryslân in susterorganisaasje derby. Ien fan ’e spearpunten is de taal. De Jungfräiske Mäinskup set him ûnder oaren yn foar it Sealterfrysk en it East-Frysk Plat. Mar wat is no krekt East-Frysk Plat? Dêr is sels yn East-Fryslân striid en betizing oer! En is it East-Frysk Plat no in aparte taal of in sterk ôfwikend dialekt fan it Nederdútsk? Yn dit artikel wol ik jim meinimme yn ’e East-Fryske taaljungle. 

 

It Frysk yn East-Fryslân

Yn ’e midsiuwen wie it Fryske taalgebiet folle grutter as no. Ek yn Grinslân en East-Fryslân praten se Aldfrysk. Rydst by Bad Nijeskâns oer de grins, dan bist al yn East-Fryslân. De bekendste grutte plakken binne Emden, Leer, Auwerk (Aurich) en Wilhelmshaven.

Yn ’e 16e iuw ferdwûn it Frysk yn ’e grutte plakken en yn ’e 18e iuw wie it Frysk yn it grutste diel fan East-Fryslân definityf útstoarn. Allinnich yn it Sealterlân prate se hjoed-de-dei noch it Sealterfrysk, in lêste fariant fan de oarspronklike Fryske taal.

 

Skiednis fan it East-Frysk Plat

East-Fryslân gong tusken 1500 en 1800 massaal oer op it Nederdútsk. Dat wie de taal fan de machtige Hânze én de taal mei prestiizje, al soest dat hjoed-de-dei miskien net mear sizze.

Mei it Nederdútsk fan East-Fryslân wie altyd wol wat te rêden. Fanâlds hie de taal in tige sterk Frysk substraat, sa’t yn de 19e iuwske wurdboeken noch goed sjen is. In famke wie yn dielen fan East-Fryslân noch hiel lang in ‘fôn’, in beppe wie in ‘bäep (regionaal ‘beppe’) en in heit wie in ‘bâb’ (ferlykje Sealterfrysk ‘Babe’). Dy substraatwurden binne mei de tiid gruttendiels ferdwûn. In lyts oantal Fryske substraatwurden sit hjoed-de-dei noch yn ’e taal.

East-Fryslân hat nei de midsiuwen in soad Nederlânske ynfloeden hân. Tusken 1600 en 1750 wie it Nederlânsk sels de dominante taal yn ’e stêd Emden. Mei de Tachtichjierrige Oarloch binne ommers grutte groepen protestanten út de Nederlannen nei Emden ta flechte. Dy grutte ynfloed sjochst ek werom oan it feit dat de Grutte Tsjerke fan Emden de memmetsjerke (moederkerk) fan ’e Nederdútsk Grifformearde Tsjerke wie, dêr’t letter de Nederlands Hervormde Kerk út ûntstien is. Neist de religieuze flechtlingen wienen der letter ek in soad Nederlânske keaplju yn ’e stêd. De Nederlânsktaligen wienen grifformearden dy’t it Nederlânsk heech holden omdat it ek de taal fan harren Bibel wie. Yn Emden kaam de Nederlânske omgongstaal lykwols hieltyd fierder fan de standerttaal ôf te stean. Dûmny’s út de Nederlannen spuiden der raar guod fan. Nei de Frânske tiid wie de Nederlânske ynfloed definityf oer. Under druk fan Prusen waard it Heechdútsk de taal fan skoalle en tsjerke.

Ut it Nederlânsk kamen net allinnich Nederlânske, mar ek typysk Romaanske wurden lykasalōzje‘ (horloazje) yn it East-Frysk Plat. De Frânske taal hat in ridlike direkte ynfloed yn East-Fryslân hân. Tusken 1808 en 1810 wie East-Fryslân ommers ûnderdiel fan de Frânske fasalsteat Keninkryk Hollân mei as kening Loadewyk Bonaparte.

 

It Nederdútsk en syn dialekten

Wannear’t wy nei de taalklassifikaasje sjogge, dan is it East-Frysk Plat ien fan de dialekten fan it Nederdútsk. Nederdútsk of Platdútsk hâldt net op by de grins, mar wurdt ek yn Grinslân, Stellingwerf, Drinte, Oerisel en Gelderlân praat. Yn Nederlân wurdt dy taal it Nedersaksysk neamd. Yn Dútslân fine se dat mar in nuvere namme, want Nedersaksen is dêr de namme fan ien dealsteat. Omdat de Dútsers ek de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Noardryn-Westfalen, Hamboarch, Bremen, Saksen, Brandenboarch en Mecklenburg-Foarpommern te freon hâlde wolle, brûke se dochs leaver it ‘neutrale’ begryp Nederdútsk (amtlik) of Platdútsk (omgongstalich).

Yn Nederlân wurdt it Nedersaksysk faak net as in aparte taal sjoen. It hat wol erkenning, mar foar in protte Nederlanners binne it Drintsk en it Twintsk Nederlânske dialekten. De taal stiet ek ridlik tichtby it Nederlânsk en de measte minsken bedoele it net ferkeard wannear’t se Drintsk in Nederlânsk dialekt neame. Yn Dútslân spilet dat folle minder. Dêr stiet it Nederdútsk bêst in ein fan it Heechdútsk ôf. Troch de gruttere taalôfstân fan it Nederdútsk ta it Heechdútsk witte de measte minsken yn Dútslân wol dat it Nederdútsk wat aparts is.

It Nederdútsk is yn East-Dútslân en Noardryn-Westfalen sa goed as útstoarn. Sels ûnder de âldere bewenners libbet de taal amper noch. Dat is yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein wol oars. Dêr binne noch in soad âlde minsken dy’t de taal machtich binne. De jonge minsken moatst yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein mei in fergrutglês sykje, de sitewaasje is noch folle minder as mei it Frysk yn ús provinsje Fryslân, mar se binne der noch wol. It Nederdútsk fan Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein (en Bremen en Hamboarch) wurdt ek wol Noardnedersaksysk neamd. It Noardnedersaksysk is it ‘meast fitale’ dialekt fan it Nederdútsk. Yn de ôfrûne desennia binne der learboeken en wurdboeken ferskynd foar it Noardnedersaksyske taalgebiet. It Noardnedersaksysk is yn de taalklassifikaasje inkeld mar in dialekt, mar yn ’e deistige taalpraktyk ferhâldt dat dialekt him as de standerttaal.

It East-Frysk Plat wurdt yn de taalklassifikaasje ta it Noardnedersaksysk rekkene, mar yn ’e praktyk is der bêst wol wat ôfstân tusken it East-Frysk Plat en de oare Nederdútske dialekten (wêrûnder it Noardnedersaksysk). Yn it Sass Wörterbuch, it wurdboek foar it Noardnedersaksysk, wurdt in dúdlik ûnderskie mei it East-Frysk Plat makke. Der wurden bewust gjin wurden út it East-Frysk Plat opnommen: "Der Wortbestand deckt ungefähr das Gebiet des Nordniederdeutschen ab, das in Schleswig-Holstein, Hamburg, Bremen und Nordniedersachsen – einschließlich Oldenburg, jedoch außer Ostfriesland – gesprochen wird." De reden dat der gjin wurden út it East-Frysk Plat opnommen binne is dúdlik: It East-Frysk Plat ferskilt tefolle fan it Nederdútsk. Dat komt ûnder oaren troch de Fryske, Nederlânske en Frânske ynfloeden yn it East-Frysk Plat. Dat is lykwols net de iennichste reden.

 

Twa soarten Plat yn East-Fryslân

Ek al hat it Nederdútsk ûnder de jongere generaasjes amper noch sprekkers, de Nederdútske sprekwurden en gjalpen binne noch o sa populêr. Sels yn East-Fryslân binne in protte toeristewinkeltsjes dy’t t-shirts en bekers mei sokke opskriften ferkeapje. En no’t de taal driget út te stjerren, begjinne de minsken yn Noard-Dútslân de taal wol mear te skriuwen. Sa binne der no al tsien Edeka-supermerken yn East-Fryslân dy’t suver alle opskriften ientalich yn ’t Nederdútsk hawwe. Dochs binne lang net alle Friezen it iens mei dy ‘fernederdútsking’.

Yn 1975 sjogge wy yn East-Fryslân al it earste teken fan ferset tsjin de ynfloeden fan it ‘algemiene’ Nederdútsk (of Noardnedersaksysk). Yn dat jier presintearret Holger Weigelt syn nije stavering foar it East-Frysk Plat. Yn syn wiidweidige foarwurd jout hy oan wêrom’t hy in eigen stavering en wurdlist foar it East-Frysk Plat skreaun hat. Neffens Weigelt is it East-Frysk Plat oan it ferdwinen. Yn rap tempo wurde typyske East-Fryske wurden ferfongen troch Nederdútske wurden en it lûdrike East-Fryske Plat kin net skreaun wurde mei de stavering fan de Ostfriesische Landschaft. De Ostfriesische Landschaft is in soarte fan kultureel parlemint fan East-Fryslân. In wittenskiplik sintrum dat oan ’e iene kant op de Fryske Akademy liket, oan ’e oare kant in soarte fan Ministearje fan Kultuer foar East-Fryslân is.

De lêste jierren sjogge wy it algemiene Nederdútsk oeral yn East-Fryslân opkommen. Dat giet ten koste fan it East-Frysk Plat. Yn Pewsum, in doarpke noardwestlik fan Emden, waard yn 2020 in nij winkelsintrum iepene. Yn de bakkerij fan it nije winkelsintrum stiet de bekende Nederdútske gjalp: Nich lang schnacken, Kopp in Nacken (letterlik: net lang prate, kop yn ’e nekke, kin oerset wurde as: sizze is neat, mar dwaan is in ding). Fierwei de measte toeristen, en Dútsktalige East-Friezen, tinke no dat dy gjalp yn ’e taal fan East-Fryslân skreaun is. Moai net dus!

Lit ús de sin eefkes besjen en út elkoar nimme. It wurdsje ‘schnacken’ (prate) komt allinnich yn it eastlikste diel fan East-Fryslân foar. Yn Pewsum sizze de minsken allegear ‘proten’. It wurdsje ‘nich’ (net) wurdt yn it East-Frysk Plat ‘ni’ of ‘näit’ en it Nederdútske én Heechdútske ‘Nacken’ (nekke) wurdt yn it East-Frysk Plat mei ‘nâk’ (lang a-lûd, folge troch in sjwa) oerset.

De Ostfriesische Landschaft kin der ek wat fan. Jierren lyn moasten sy in oersetting betinke foar it Dútske begryp ‘mehrsprachiger Kindergarten’ (meartalich pjutteboartersplak). Sy betochten de oersetting ‘Mehrsprakig Kinnergaarn’. No is it East-Fryske wurd foar ‘taal’ gewoan ‘tóól’ en net ien seit ‘Spraak’ of ‘Sprake’. It Dútske wurd ‘Garten’ is yn it Nederdútsk ‘Gaarn’, mar yn it East-Frysk Plat is it ‘tûn’. Mei dy kennis soest dochs ‘mērtóólerğ kinnertûn’ ferwachtsje? De Ostfriesische Landschaft brûkt leaver ‘frjemde wurden’ út it Nederdútsk as ‘eigen wurden’ út it East-Frysk Plat.

 

Brede krityk op de Ostfriesische Landschaft

Net allinnich Holger Weigelt hat krityk jûn op it wurk fan de Ostfriesische Landschaft. De ferneamde taalwittenskipper Marron (Curtis) Fort hat it staveringsprobleem hieltyd wer beneamd. Marron Fort: "Es leuchtet ein, daß wir die verschiedenen im Weser-Ems-Gebiet geltenden Regelwerke für die Schreibung des Niederdeutschen, die vereinheitlichend wirken sollen, nicht verwenden können, wenn wir auf die Unterschiede unter den Mundarten in diesem Raum hinweisen wollen. Hinzu kommt, daß das ostfriesische Niederdeutsch und das Saterfriesische zahlreiche Laute und Lautverbindungen kennen, die sich mit den orthographischen Mitteln der verhältnismäßig lautarmen hochdeutschen Sprache nicht ausdrücken lassen." Dêrmei joech Marron Fort yndirekt krityk op de stavering fan de Ostfriesische Landschaft. Marron Fort die dat wol faker, ek yn ynterviews. As foarbyld neamde hy de twa- en trijlûden yn it East-Frysk Plat, dy’t yn ’e stavering fan de Ostfriesische Landschaft net skreaun waarden.

Neist de twa- en trijelûden hat it East-Frysk Plat noch in bysûnder ferskynsel en dat is de lûdferlinging: Koarte of lange lûden kinne, faak mei in sjwa, ferlinge wurde. Holger Weigelt en Marron Fort hawwe dat ferskynsel wiidweidich beskreaun. It sit sa. Wannear’t koarte fokalen mei in sjwa ferlinge wurde, ûntstiet der in delgeand twalûd. Kinst it ferlykje mei it Frysk en syn lûden ‘û’ en ‘oe’. It û-lûd yn ‘rûch’ is koart, it oe-lûd yn ‘woe’ is neat oars as de û mei in koarte sjwa derefter. Yn it East-Frysk Plat kinst net allinnich koarte lûden ferlingje, ek de lange lûden kinne noch in stikje ferlinge wurde. Wannear’t lange lûden ferlinge wurde, ûntstiet der in superlang lûd. In wurdsje as ‘tûn’ hat in lang û-lûd dat mei in koart û-lûd ferlinge wurdt.

Mei de lûdsferlinging ûntsteane faak ek betsjuttingsferskillen. It wurdsje ‘tüüğ’ (túch; guod) en ‘tüüeğ’ (tsjûge) lykje in hiel soad op elkoar, mar de sjwa soarget foar in útspraak- én betsjuttingsferskil. Yn ’e skriuwwize fan de Ostfriesische landschaft wurde beide wurden as ‘Tüüg’ skreaun. De wurden lykje dan miskien homonym, mar binne dat yn ’e taalpraktyk hielendal net!

Yn ’e rin fan de tiid binne in protte ferlinge lûden ûntstien troch ynkorporaasje fan de slot-sjwa. In ‘rötte’ (rat) is ‘röet’ wurden en in ‘nööse’ (noas) is ‘nööes’ wurden. It ferskynsel docht him ek by meartallen foar. In baarch is yn it East-Frysk Plat in ‘swīn’ (lange ii). Yn it East-Frysk Plat wurdt it meartal meastal mei -en foarme, mar yn dit gefal is ‘swîn’ ek in gongbere meartalsfariant (‘swiinen’ wurdt dan ‘swiien’). By dat wurd wurdt dus in sjwa ynfoege om it meartal te foarmjen.

Troch dat komplekse lûdsysteem binne net allinnich saakkundigen lykas Holger Weigelt en Marron Fort kritysk oer it wurk fan ’e Ostfriesische Landschaft, mar ek skriuwers en muzikanten hawwe krityk. In pear jier bekritisearre sjonger Stefan em Huisken by de Upstalbeam it wurk fan de Ostfriesische Landschaft.

Mar de krityk komt ek fan deanormale East-Friezen dy’t net yn it wittenskiplike of kulturele wrâldsje sitte. Dy minsken hawwe ek krityk oer it wurk fan de Ostfriesische Landschaft, mar kinne dat net altyd dúdlik ûnder wurden bringe. Ik hear dan wol gauris de opmerking; “ús taal is folle riker as de Ostfriesische Landschaft skriuwt.”

 

De Ostfriesische Landschaft krûpt it Nederdútsk oan

Dêr wêr’t it Sass-Wörterbuch in (sinfol) ûnderskie makket tusken Nederdútsk en East-Frysk Plat, makket it wurdboek fan de Ostfriesische Landschaft dat ûnderskie net. Sy nimme lukraak wurden op út it Nederdútsk en út it East-Frysk Plat. Fansels is der oerlaap tusken it East-Frysk Plat en it Nederdútsk, mar der steane frijwat wurden yn de wurdboeken fan de Ostfriesische Landschaft dy’t yn East-Fryslân suver net brûkt wurde. Sa hâldt de Ostfriesische Landschaft it ‘pseudo East-Frysk Plat’ yn stân.

Hoe’t de Ostfriesische Landschaft dat docht? By de neologismen besiket de Ostfriesische Landschaft de wurden dy’t ôfwike fan it Nederdútsk as ferâldere te kategorisearjen.

Ik soe ferwachtsje dat de Ostfriesische Landschaft it wurdsje ‘Sekenhuus’, yn de Weigelt-skriuwwize ‘süükenhūs’, promoatsje wol. It wurdsje ‘süük’ (Dútsk; ‘krank’) is ommers it no as oarspronklik oanfielde East-Fryske wurd. Fansels waard der yn ’e midsiuwen ek wol ‘krank’ of ‘kronk’ yn it Aldfrysk skreaun, mar de âldere East-Friezen kinne eins allinnich mar ‘süük’.

De Ostfriesische Landschaft hie likegoed ‘Interferenz’ (ynterferinsje) efter it wurdsje ‘Krankenhuus’ skriuwe kind. Sa kinst de eigen wurdskat promoatsje en ynterferinsjes yn ’e gaten hâlde. Lykwols leit de prioriteit fan ’e Ostfriesische Landschaft net by it behâld fan de eigen wurdskat. Soenen se in hekel oan de eigenheid fan it East-Frysk Plat hawwe?

 

De Ostfriesische Landschaft wol it East-Frysk Plat net staverje

In protte bûtensteanders miene dat it East-Frysk Plat hiel bot op it Nederlânsk liket. Dat is net iensen sa frjemd. Yn it East-Frysk sjogge wy ommers hiel faak wurden as ‘Straat’, ‘Maand’ en ‘Taal’. Hjir kin ik koart oer wêze; dat seit yn hiel East-Fryslân gjin minsk! De East-Fries seit ‘stróóet’, ‘móónd’ en ‘tóól’. En wannear’t de útspraak al in bytsje feroaret, dan hâldt de East-Fries in o-eftich lûd.

De au-lûden binne noch sa’n probleem. Foar it wurdsje ‘mem’ hat it East-Frysk Plat de dialektfarianten ‘mauder’, ‘meauder’, ‘möyder’ en ‘mouder’. Foar de dialektfarianten au, eau, öy en ou skriuwt de Ostfriesische Landschaft in o --> ‘moder’. As kompromis foar de dialektfarianten soe ik in au ferwachtsje. Boppedat wurdt de au ek yn it grutte sintrale dialekt brûkt, dat sa rûchwei op ’e line Emden-Uplengen leit.

Dat de Ostfriesische Landschaft nuvere dingen docht mei de skriuwwize, hat te krijen mei in ideology dy’t hja neistribje. Op de webside fan it online wurdboek fan de Ostfriesische Landschaft stiet it neikommende: "Darum wurde bei der Überarbeitung darauf geachtet, die ostfriesischen Regeln, dort, wo es möglich und sinnvoll ist, an die Regeln von Sass anzugleichen (z. B. die Verdopplung der Umlaute). Damit wird das ostfriesische Platt für einen großen Sprachraum leichter lesbar." De Ostfriesische Landschaft seit dus letterlik dat se harren stavering safolle mooglik oan it Nederdútsk oanpasse. Yn de boppesteande tekst stiet "wêr sinfol en mooglik." Hoesa sinfol? Fanút hokker perspektyf sinfol? Ut East-Frysk perspektyf binne sokke staveringsregels hielendal net sinfol!

 

Nij platfoarm moat it East-Frysk Plat rêde

De eigenheid fan it East-Frysk Plat stiet yn ’e kiif. Wy witte net hokker takomst de taal hat. As it oan de Ostfriesische Landschaft leit, praat de kommende generaasje in standertfariant fan it Nederdútsk. Dat de Ostfriesische Landschaft dat wol, docht bliken út al it wurdboekmateriaal, stavering en learmateriaal. De Ostfriesische Landschaft tsjut de taal ek altyd as Nederdútsk of Platdútsk oan, East-Frysk Plat is in relikt út in fier ferline dat men hoe dan ek bûten de doar hâlde moat.

En sa giet in taal dea. Simpelwei omdat de struktuer fan de taal tefolle liket op it Nederdútsk en de Dútske identiteit sterker is as de Fryske identiteit. Lykwols bestiet der sûnt 2020 in nij platfoarm foar it ‘echte’ East-Frysk Plat en dat projekt hat de namme oostfraeisk.org. It projekt wurdt stipe troch de Jungfräiske Mäinskup en de driuwende krêft efter dat projekt is Onno Dirk Feldmann út Westrauderfehn. It projekt oostfraeisk.org brûkt de stavering fan Holger Weigelt, in stavering dy’t wól past by de kompleksiteit fan it East-Frysk Plat.

Om it echte East-Frysk Plat leare te kinnen, moat in taallearder dus dwaande mei it eigen meitsjen fan de Weigelt-stavering. Dat kin op oostfraeisk.org. Dêr is in online wurdboek mei sa’n 36.000 lemma’s (wurden, ferbûgingen, útdrukkingen en foarbylden), in grammatika fan mear as 200 siden, in taalkursus fan mear as 300 siden (mei audio), in app dy’t it skriuwen fan it East-Frysk Plat yn ’e Weigelt-stavering makliker meitsje moat. Dêrneist binne der allegear filmkes en koarte ferhalen te finen. Folle net genôch!


Is East-Frysk Plat gjin dialekt fan it Nederdútsk?

Myn ferhaal is oant no ta ridlik technysk. Dêrom sil ik de sitewaasje mei ús Frysk ferlykje. Stel, de Afûk en Fryske Akademy seinen yn 1950 al dat ‘samen’, ‘leuk’, ‘sleutel’, ‘vader’, ‘opa en oma’ en ‘jullie’ poerbêste Fryske wurden binne. Yn taalkursussen wurde de wurden brûkt. Alle nije Fryskpraters brûke dy wurden yn harren Frysk, yn alle doarpskrantsjes wurde dy wurden neist de gongbere âlde Fryske wurden brûkt. Se wurde op gegeven momint safolle brûkt dat ‘tegearre’, ‘aardich’, ‘kaai’, ‘heit’, ‘pake en beppe’ en ‘jim’ noch mar troch in hantsjefol minsken brûkt wurde. Yn 2000 skriuwt de Fryske Akademy yn syn wurdboek dat dy typysk Fryske wurden amper foarkomme of ferâldere binne. Hoefolle minsken soenen dy wurden yn 2020 noch brûke? En dit giet net oer ien as twa wurden, mar oer hûnderten wurden.

Dan binne wy der noch net. Stel dat de Fryske Akademy en de Afûk niks mear oer it ferskynsel brekking sizze soenen. Stel dat se sizze dat it ferskynsel hielendal net bestiet. Dus it meartal fan ‘doar’ is net mear ‘doarren’ [dwarren]  mar ‘doaren’ [do.əren]. Stel dat se it Frysk eigene grappich en oerdreaun fine. Hoefolle minsken soenen dan noch dy brekking brûke? Wannear’t lesjouwers dy útspraak foar ûnfrysk hâlde, omdat it net genôch op it Nederlânsk liket? Minsken wurde korrizjearre want ‘it echte Frysk’ moat safolle mooglik op it Nederlânsk lykje. Ik tink dat in protte Friezen dat gek fine.

Stel no dat alle dakjes en skrapkes dan net mear skreaun wurde meie. It binne ommers frjemde eleminten en it Nederlânsk hat se ek net. En wy moatte as goede Friezen ús sa goed en trou mooglik oan ’e Nederlânske staveringsmooglikheden hâlde.

Stel dy no in kombinaasje foar fan alles wat ik krekt beskreaun haw. Dus wurden wurde slûpendewei ferfongen, bepaalde lûden (sels mei grammatikale funksje) lykje net te bestean en in frjemde stavering wurdt as de bettere stavering presintearre. Al dy dingen binne yn East-Fryslân dus gewoan de deistige praktyk! En dy ‘frjemde taal’ krijt alle stipe fan oerheden, taalorganisaasjes en toeristewinkels!

Op de fraach oft it East-Frysk Plat in dialekt of aparte taal is jou ik gjin antwurd. It is ek in bytsje ûnsinnich, want it bringt ús net de oplossing foar it probleem. En dat probleem is dat ‘it East-Fryske’ oan it East-Frysk Plat bedrige wurdt, sels troch de ‘eigen ynstânsjes’. Wol it East-Frysk Plat syn eigenheid behâlde, dan moat der in alternatyf komme foar de stavering fan de Ostfriesische Landschaft. Dat alternatyf soe de Weigelt-stavering wêze kinne, mei eventueel hjir en dêr in funksjonele oanpassing. Neist de stavering moat yn wurdboeken it gebrûk fan East-Fryske wurden wer oanmoedige wurde en ek Fryske substraatwurden meie weromkomme. De taal sil dan yn alle gefallen Frysker, eigener en autentiker wurde. 

+ + +

Publisearre op 24 juny 2021.

Nei oanlieding fan boppesteand artikel nijsgjirrich wurden nei de Weigelt-stavering? De webside oostfraeisk.org biedt in mooglikheid om it autentike East-Frysk Plat te learen. Op de webside fynsto û.o. in wurdboek, grammatika, taalkursus, e-boeken en apps.