De Noard-Fries Jens Emil Mungard (Keitum, 1885 – konsintraasjekamp Sachsenhausen, 1940) wie in útsûnderlik dichter. Syn libben liket bytiden wol in film. Mei sa’n 800 dichtwurken en 6 teaterstikken wie er de produktyfste dichter yn de Noard-Fryske taal. Mei de pinne stried er foar Fryslân en it Frysk. Lykwols moast er syn (ynter-)Frysk frijheidsideaal mei de dea bekeapje. Neffens tsjûgen skreau er sels yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen noch Fryske gedichten.
Nann Peter Mungard en syn soan Jens Emil Mungard
Jens syn libben begûn op 9 febrewaris 1885. Hy wie de soan fan Nann Peter Mungard (1849-1935). Nann hie op de wrâldseeën fearn en is letter yn Keitum boer wurden (op it eilân Söl/Sylt). Neist it buorkjen die er taalkundich fjildwurk. Yn 1909 joech er it wurdboek fan it Sölring Friisk út. De âldste soan Jens koe omraak boartsje mei de Fryske wurden út dat wurdboek. Doe’t Jens trije jier âld wie, ferlear er syn mem. Syn muoike naam de rol fan styfmem op har en Jens tocht altyd mei tankbere wurden oan har werom. Hja hie in soad begryp foar syn hobbys en ynteressen.
Nann Mungard hie mei ferskillende Westerlauwerske Friezen kontakt. Mei Piter Sipma en soan Jens waard doe de bekende foto op it strân fan Sylt makke (hjirby). De Fryske bewegers út ús provinsje joegen Nann altyd in soad ynspiraasje foar de Fryske saak. Nann Mungard wie ek tige ynnommen mei de gedichten fan syn soan en stimulearre him om mear te skriuwen. Yn it Söl’ring Leesbok fan Boy Peter Möller (1909) en yn it Söl’ring Dechtings en Leedjis fan Andreas Hübbe (1911) ferskynden de earste gedichten fan Jens. In soad oare gedichten fan Jens kamen yn kranten.
Jens troude yn 1910 mei Anna Andresen fan it eilân Fear (Föhr). Tegearre namen se in grutte boerepleats oer en hienen sawol saaklik as privee in soad sukses, want as boer die Jens it tige goed en mei Anna krige er fjouwer bern. De delgong kaam yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw.
Jens Emil Mungard wiist mei de finger, Piter Sipma
út Westerlauwersk Fryslân sit op de stien en Nann
Mungard stiet lofts fan Piter Sipma (boarne: Wikipedia)
It referindum fan 1920 en syn neisleep
Nei it Ferdrach fan Versailles moasten de Noard-Friezen yn in referindum kieze oft se ûnderdiel fan Denemark of Dútslân wurde woenen. Dat referindum waard yn 1920 holden en Nann Mungard keas partij foar de Fryske nasjonalisten en dêrmei foar de oansluting by Denemark. De Dútske nasjonalisten wienen lykwols yn de mearderheid en foar Frysksinnigen en Deensksinnigen oer wienen se tige agressyf. By it tradisjonele biikebrennen waard sels in pop mei dêrop de namme Nann Mungard ferbaarnd. Dêrneist waard er rûnom foar Landesverräter (lânferrieder) fersliten. In jier letter rekke de boerepleats fan Jens yn ’e brân en waard wei.
Jens besocht dêrnei huzen op it eilân te keapjen, mar dy ynvestearring smiet net folle op. In jier letter baarnde yn Archsum in hûs fan him ôf. Hy begûn him ôf te sûnderjen, earst fan syn famylje en letter fan it hiele eilân, dêr’t er in bûtensteander wurden wie. Hy luts him werom yn de wrâld fan boeken en dichtwurk. Wrakseljend kaam er troch de tiid, mar literêr bleau er sterk. Hiel efkes hope Jens dat de foar him ûnbekende nasjonaalsosjalisten wat goeds foar de Friezen dwaan soenen, mar hy seach al hiel betiid yn dat se foaral in bedriging foar de frijheid en de Fryske saak foarmen. Jens foel it
nazibewâld fuortendaliks mei syn gedichten oan: “As de peterseelje bedoarn is en de rinte giet omheech, dan moat it wol Judenwerk (joadewurk) wêze.” Jens makke de antysemityske opfettingen fan de nazi’s hieltyd wer bespotlik.
It Noardfryske eilân Sylt (boarne: Wikipedia)
De Friezen binne in selsstannich folk
De nazi’s woenen de minderheden yn it Dútske Ryk assimilearje. Jens Emil Mungard moast dêr neat fan hawwe en skreau: “[De Friezen] binne in selsstannich folk en dat folk hat neat mei it Dútske folk út te stean. […] Ik wol foar Fryslân en it Frysk itselde as wat de Dútsers, Tsjechen, Poalen en Denen foar harsels wolle.” Hieltyd wer kinne wy lêze dat Jens de nazi’s ferflokte en it Fryske frijheidsideaal heechhold. Stikeltrie en ferboaden soenen neffens him symboal stean foar it Tredde Ryk en de minsken soenen ûnder dat bewâld frjemden yn eigen lân wurde. Hy skreau kear op kear dat foar de
Friezen frijheid de heechste wet wie, wat fansels in ferwizing nei de Fryske Frijheid is. Yn 1936 hawwe de nazi’s harren nocht ôf fan Jens Emil Mungard. Hy waard oppakt en yn ’e sel smiten. Se neamden syn finzenisstraf Schutzhaft (Schutz = beskerming, Haft = opsluting). It opsluten fan politike finzenen soe dus in ‘beskermjende maatregel’ wêze, mar yn de praktyk wie it neat oars as in ekskús om politike fijannen opslute te kinnen. Jens Emil Mungard hie ek kontakt mei Westerlauwerske Friezen. Sadwaande stie yn syn arrestaasjebefel fan 13 juny 1936: “Jo hâlding rjochtfeardiget de fertinking dat jo de reputaasje fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân grutte skea tabringe. Jo foarmje dêrmei in direkt gefaar foar de iepenbiere feilichheid.” Nei syn frijlitting skriuwt er ûndersteand gedicht:
Skriuwferbod en deportearring nei Sachsenhausen
Yn 1938 krige er in skriuwferbod, dat er negearre mei de wurden: “As se dat wolle, moatte se my de fingers ôfsnije.” De nazi’s wienen no hielendal klear mei Jens Emil Mungard en de Geheime Staatspolizei (Gestapo) liet him ferdwine. Jens waard deportearre nei it konsintraasjekamp Sachsenhausen, westlik fan Berlyn. Op 5 maart 1939 waard er, sa docht bliken út it argyf fan it konsintraasjekamp Sachsenhausen, opsletten yn barak 65. Jens Emil Mungard stoar ien jier letter yn barak 27, fjouwer dagen nei syn 55ste jierdei. De âldste dochter krige in telegram: “Heit oan lichaamlike swakte ferstoarn.” De winter fan 1939-1940 wie de earste grutte hongerwinter yn de konsintraasjekampen. De SS hie de rantsoenen minimalisearre en de terreur wie flink tanommen. Mei Jens stoaren op dy dei in hiele protte oare finzenen.
Tinkstien yn Konsintraasjekamp Sachsenhausen
Wurdearring foar Mungard
Yn 1962 waard it earste boek oer Jens Emil Mungard publisearre. Net yn Dútslân, mar yn ús Westerlauwersk Fryslân. It boek waard útjûn troch professor J.H. Brouwer en de Noard-Fryske dosint en taalbeweger H. Schmidt. Nei de oarloch kaam der hieltyd mear omtinken foar syn dichtwurk. Foaral it nivo fan syn wurk spriek tige oan. Hy wurdt hjoed-de-dei ta de hichtepunten
fan de Noard-Fryske literatuer rekkene. Yn 1995 ferskynde op Sylt in bondel mei syn sammele wurk. Yn ien fan de gedichten ferliket Jens syn libben mei in strântiksel yn it dunesân.
Tinkstien yn Sachenhausen
Yn 2010 naam de Friisk Foriining it inisjatyf om yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen in tinkstien foar Jens Emil Mungard del te setten. De stien waard op 21 oktober 2011 ûntbleate. Op dy tinkstien stiet it gedicht Ströntistel (dúnstikel), dêr’t ik myn ferhaal mei ôfslute wol.