De Dútske eastkolonisaasje
Yn ’e Romeinske tiid wennen der al Germanen yn it gebiet dat wy hjoed-de-dei as East-Dútslân en Poalen kenne. Yn ’e 5e iuw ferlieten se harren wengebiet en teagen nei oare plakken yn Europa. De ‘Grutte Folksferhuzing’ soarge derfoar dat it gebiet ten easten fan ’e Elbe om it jier 500 hinne ferlitten wie.
Yn ’e 6e iuw waard it gebiet ten easten fan ’e Elbe op ’e nij bewenne. De nije bewenners wienen Slavyske stammen dy’t út it easten wei kamen. De rivieren Elbe en Saale waarden sa rûchwei de grins tusken Germaanske en Slavyske stammen. Yn in suver ûnbewenne lân koenen de Slavyske stammen nije pleatsen en doarpen bouwe. De doarpen dy’t se bouden krigen ek Slavyske nammen. Dêrom binne der hjoed-de-dei noch safolle plakken yn East-Dútslân dy’t fan oarsprong in Slavyske plaknamme hawwe. Dy nammen binne faak oan ’e Dútske taal oanpast sadat se foar Dútsktaligen better yn it gehoar lizze en makliker te skriuwen binne. Lykwols einigje se noch hieltyd op -ow, -itz of -y (bgl. Gustrow, Malchow, Neschwitz, Strelitz, Niesky).
Oant en mei de 9e iuw libben de Slavyske stammen op harsels. Der wienen wolris wat oarloggen tusken de stammen, mar fierders praten se allegear in Slavyske tongfal en se hongen allegear it heidenske leauwe oan. Op haadlinen liket it Slavyske heidendom wol wat op it Germaanske heidendom. Yn beide gefallen gong it om in natoerreligy mei in ferskaat oan goaden, seizoensfeesten en rituelen. Yn beide gefallen wie der gjin sintrale, dogmatyske lear. In heiden seach net nei regels en ferboaden en fielde al hielendal gjin erfsûnde, de heiden woe in better minske wurde troch syn dieden. Foarâlden en mienskipswearden wienen foar in heiden like belangryk as de heidenske teology. It Slavyske en Germaanske heidendom hienen in protte (regionale) nuânsen of ferskillen, mar foar it bestek fan dit ferhaal is it foaral belangryk om te witten dat it heidendom gjin sintraal ynstitút (‘tsjerklike’ organisaasje) hie. Foar midsiuwske hearskers wie de tsjerklike organisaasje dé perfekte gearwurkingspartner om de macht útoefenje te kinnen. It feroverjen fan Slavysk stamgebiet wie dus net genôch, de Slavyske stammen moasten hoe dan ek kristen wurde. Yn ’e 10e en 11e iuw begûn it Hillige Roomske Ryk, de foarrinder fan it Dútske Ryk, mei it feroverjen fan Slavyske gebieten tusken Elbe en Oder (no East-Dútslân). Dat wie de earste faze fan de Dútske eastkolonisaasje; dêrnei folgje noch in twadde (12e-14e iuw) en tredde (16e iuw) faze.
De earste faze fan de Dútske eastkolonisaasje wie tagelyk ek de meast gewelddiedige. De heidenske Slavyske stammen woenen har net ta it kristendom bekeare litte en bleaunen trou oan ’e âlde goaden. Yn 963 kamen se yn opstân en befrijden harren stamgebiet fan Dútske hearskippij en kristendom. Net allinnich de Dútske foarsten, mar ek de keningen fan Denemarken en Poalen hienen it each op it gebiet tusken Elbe en Oder falle litten. Allegear woenen se it gebiet feroverje en kerstenje. Yn 1147 begûn de Wendyske Krústocht. De foarsten fan it Hillige Roomske Ryk en de keningen fan Denemarken en Poalen foelen de Slavyske stammen oan. Mei fjoer en swurd waarden de Slavyske stammen kerstene. De Wendyske Krústocht wie in súkses. Nei de kerstening waarden de earste stikken lân eastlik fan ’e Elbe troch Dútske foarsten ynnommen. Yn it fris ferovere gebiet waarden nije boerepleatsen en doarpen boud, in earste weach fan Dútsktaligen kaam op gong.
Yn ’e 12 iuw begjint de twadde faze fan de Dútske eastkolonisaasje yn it gebiet dat wy no as East-Dútslân, Poalen, Tsjechië, Kaliningrad en de Baltyske steaten kenne. Hiele lânstreken kamen min-ofte-mear op freedsume wize binnen de tsjerklike en bestjoerlike struktueren fan it Hillige Roomske Ryk. Alle nije doarpen, stêden, tsjerken en kleasters yn dat gebiet foelen automatysk ûnder it Dútske rjocht. In protte wjerstân wie der net. De Slavyske hartoggen fan Pommeren, dy’t as fasallen yn ’e nije bestjoersstruktuer opgongen, fûnen de Dútsktalige nijkommers wol bêst. It smiet ommers ekstra belestingynkomsten op.
De befolkingsgroei yn ’e ‘âlde Dútske lannen’ (westlik fan Elbe en Saale) wie de wichtichste reden foar de grutte migraasje fan Dútsktaligen nei de ‘nije Dútske lannen’ (eastlik fan Elbe en Saale). Dútske foarsten en Slavyske hartoggen dienen alle war om safolle mooglik Dútsktaligen nei it easten ta te heljen. De nijkommers hienen faak de opdracht om bosk-, berch- of sompgebieten yn kultuer te bringen, sadat it lân brûkt wurde koe. Sa ûntstie der yn ’e nije eastgebieten fan it Hillige Roomske Ryk tusken 1200 en 1400 in twatalich gebiet mei Slavysktalige oerbewenners en in groeiende Dútsktalige mienskip. Op gegeven momint waard de Dútsktalige befolking sa grut dat de oarspronklike Slavysktalige stammen (taal)minderheden waarden. It kantelpunt lei ergens yn ’e lette midsiuwen.
Neist de migraasje fan Dútsktaligen wienen der ek noch oare stimulearjende ûntwikkelingen foar de fersprieding fan de Dútske taal yn it Eastseegebiet. Yn ’e lette midsiuwen bloeide de Hânze oan ’e Eastsee en de Dútske Oarder yn it Baltysk gebiet. Platdútsk (oan ’e kust) en Heechdútsk (yn ’t binnenlân) waarden de wichtichste ferkearstalen. Nei de midsiuwen soe de tredde faze fan ’e Dútske eastkolonisaasje útein sette. Troch de komst fan taalferboaden, noch mear Dútsktalige migraasje en Dútsktalige stêden hienen de Slavyske talen net folle perspektyf mear. It proses fan taaldea wie al op gong brocht.
Europa om it jier 895 en de gefolgen fan de eastkolonisaasje. Boarne: WikiCommons (Creative Commons lisinsje).
It proses fan taaldea en de Slavyske talen
In taal kin stjerre wannear’t meartalige minsken in oare taal omearmje en harren memmetaal farre litte. Taalkundigen meitsje yn it proses fan taaldea ûnderskie tusken trije fazen:
- Faze I (taalwiksel): De taal wurdt in minderheidstaal. Faak is der in nije machthawwer dy’t syn taal oan it iepenbier bestjoer en elite opleit. De memmetaal wurdt yn ’e eigen omjouwing noch in protte brûkt, mar hat minder prestiizje.
- Faze II (taalferfal): De minderheidstaal wurdt amper noch trochjûn oan ’e bern. De minderheidstaal wurdt út it stee krongen troch de nije dominante taal. Der kinne noch bern wêze dy’t de minderheidstaal leare, mar yn dizze faze nimt de fitaliteit bot ôf. Der ûnsteane saneamde ‘healtaligen’ dy’t de taal net mear goed behearskje. Talen beynfloedzje elkoar altyd, mar yn it proses fan taalferfal wurdt de kearn fan de taal oantaast. Taalferfal fynt meastal plak op in lange glydzjende skaal; it begjint mei in pear ynslûpsels en kin einigje mei grutte feroaringen yn ’e grûnwurdskat en grammatika.
- Faze III (taaldea): De nije dominante taal hat de oarspronklike taal ferkrongen. Resten (wurdsjes, grammatikale konstruksjes en siswizen) fan de âlde taal kinne mooglik noch oernommen wurde yn de nije taal. Dy resten wurde substraat neamd.
Tusken 1100 en 1400 kamen de Slavyske stammen ûnder Dútsk bestjoer, de Slavyske talen yn dat gebiet waarden minderheidstalen (faze I). Se krigen te meitsjen mei taalferboaden en yn alle offisjele domeinen en sloech it Dútsk foar master op. Wa’t hannel driuwe woe, koe mar Dútsk prate. Dêrtroch waard it proses fan taalferfal (faze II) op gong brocht. De twadde faze kin men foar it Slovinsysk ridlik neigean, mar fan it Pommeraansk is neat opskreaun en fan it Polabysk inkeld in bytsje. By dy trije Slavyske tongfallen gong de taaldea (faze III) yn twa stappen: (1) In grutte mearderheid fan de Slavyske stammen gong nei wat politike en maatskiplike druk binnen in pear generaasjes op it Dútsk oer. (2) Yn in pear (isolearre) taaleilannen koenen de Slavyske talen noch hiel lang trochlibje foardat úteinlik de lêste sprekkers stoaren.
It taalgebiet fan it Polabysk lei sa likernôch tusken Elbe en Eastsee. Nei de Wendyske Krústocht kaam in grut diel fan de Polaben ûnder Dútsk bewâld (faze I). Yn ’e 15e iuw ferdwûn it Polabysk oan ’e Eastsee. Om 1700 hinne wennen de lêste sprekkers westlik fan ’e Elbe yn it isolearre heuvelgebiet Drawehn. Op dat momint waard de taal troch ûndersikers dokumintearre. Yn dy optekeningen is de Dútske ynfloed op it Polabysk goed te merkbiten (faze II). Oan in útdrukking as ‘slap vol’ (lekker koese) is de Leechdútske ynfloed fan ‘slaap woll’ te sjen. Yn 1756 stoar it Polabysk út (faze III). De lêste memmetaalsprekster, Emerentz Schultze, waard 88 jier.
It Pommeraansk wie de Slavyske taal fan Pommeren. Der binne gjin Pommeraanske teksten oerlevere. Wol is der oer de taal skreaun sadat it bestean derfan bekend is. Ergens yn ’e 18e iuw binne de lêste sprekkers stoarn.
Oan it Slovinsysk is te sjen dat it útstjerren fan in taal hiel lang duorje kin. It taalgebiet, eastlik fan de stêd Slupsk, waard yn ’e 13e iuw ûnderdiel fan it Hillige Roomske Ryk (faze I). Yn ’e iuwen dêrnei waard it Dútsk de dominante mearderheidstaal en de oarspronklike taal rekke yn ferfal (faze II). De taal waard pas oan ’t begjin fan de 19e iuw troch taalkundigen beskreaun. Yn ’e lettere 19e iuw en begjin 20e iuw binne ferskate teksten optekene, mar sa’t it liket hat net ien besocht de taal fan ’e ûndergong te rêden. De taal waard yn 1945 troch in pear âlde minsken praat. Nei de gaos fan 1945, it bluodderige eastfront en it ferdriuwen fan ’e Dútske befolking yn East-Europa, waard der niks mear fan it Slovinsysk fernommen (faze III).
It Kasjûbysk is nau besibbe oan it Slovinsysk en wurdt oan ’e Bocht fan Gdansk sprutsen. Kasjûbysk en Slovinsysk wurde ek wol ‘Eastpommeraansk’ neamd. De taaldea (faze III) is foar it Kasjûbysk noch net yn sicht. Neffens in folkstelling út 2011 koenen sa’n 108.000 minsken Kasjûbysk prate. Der wurdt besocht om mei ûnderwiis en politike stipe de taal te rêden, mar krekt de politike stipe nimt de lêste jierren ôf. It nasjonaal-konservative Poalske regear besuniget flink op ûnderwiis yn minderheidstalen. Boppedat wurdt it Kasjûbysk faak as Poalsk dialekt sjoen. As arguminten wurde opfierd dat it Kasjûbysk in Slavyske taalfariant is en dat der gjin standertskriuwtaal bestiet. Sûnder brede maatskiplike wurdearring en skriuwtaal rekket it Kasjûbysk grif fierder yn ferfal (faze II).
Omfolking
Foar de nazi’s wie de Drang nach Osten en it feroverjen fan Lebensraum yn East-Europa in histoaryske en suver ‘hillige’ opjefte fan it Dútske folk. Sy seagen it faak as in fuortsetting fan de Dútske eastkolonisaasje. De lêste Slavyske ynfloeden yn it easten fan it Tredde Ryk moasten foar altyd ferdwine. Dêrom waarden Slavyske plaknammen germanisearre. Sa wie de Silezyske doarpsnamme Polkwitz foar de nazi’s net Dútsk genôch en dêrom waard yn 1937 de namme feroare yn Heerwegen. Doe’t Heerwegen yn 1945 by Poalen kaam krige it de namme Polkowice.
In oar foarbyld fan de ‘nasjonaal-sosjalistyske eastkolonisaasje’ wie de foarming fan de ryksgou Wartelân (Dútsk: Wartheland). Yn ’e hjerst fan 1939 wennen der 4,9 miljoen minsken yn it Wartelân: 4,19 miljoen Poalen (85%), 385.000 Joaden (7,7%) en 325.000 Dútsers (7%). Oant en mei 1944 waarden 600.000 Poalen ferdreaun, suver alle Joaden waarden fermoarde. Der waarden sawat ien miljoen Dútsers nei it gebiet ta helle. It ferdútskjen of germanisearjen ferrûn lykwols dreech. Ein 1944 wie ‘noch mar’ 27% fan ’e befolking Dútsk.
Yn 1939 waarden de Poalen út de nije Eastgebieten fan it Tredde Ryk ferdreaun. Boarne: WikiCommons (Creative Commons lisinsje). |
Doe’t de Twadde Wrâldoarloch foar Nazi-Dútslân ferlern wie, waarden sa’n 12-14 miljoen Dútsers út East-Europa ferdreaun. In protte minsken yn de Dútske eastgebieten seagen it swurk al driuwen en flechten nei it westen ta, faak noch foar’t de Sowjets harren doarpen en stêden ynnimme koenen. Nei de iuwenlange eastkolonisaasje en de Twadde Wrâldoarloch koenen de Russen en oare Slavyske folken wraak nimme. Dat wie yn alle gefallen it útgongspunt fan de Polski Związek Zachodni (PZZ), in groep Poalske nasjonalisten dy’t de oarspronklike Slavyske gebieten oant en mei de Elbe ûnder Poalsk bewâld bringe woe. De PZZ wurke gear mei de kommunisten, mar nei alle gedachten wie harren ynfloed op ’e kommunistyske machthawwers net botte grut.
It Dútske Ryk moast nei de Twadde Wrâldoarloch syn grûngebiet eastlik fan de rivieren Oder en Neisse ôfstean. It grutste diel fan ’e Dútske eastgebieten foel tenei ûnder it Poalske ‘Ministearje foar Weromwûne Gebieten’. In grut diel fan de Dútsers dy’t noch net nei it westen ta flechte wienen, waard yn 1946/47 twongen om Poalen te ferlitten. Yn de jierren 1944-1950 binne der yn totaal sa’n 8,5 miljoen Dútsers út it nije Poalen flechte of ferdreaun.
Doe’t yn 1950 it grutste diel fan de Dútsers út Poalen ferdreaun wie, begûn de de-germanisearring (Poalsk: odniemczanie). Dútsktalige opskriften op gebouwen, tsjerken en monuminten waarden fuorthelle, Dútske (efter)nammen waarden polonisearre en yn ’e iepenbiere romte mocht gjin Dútsk mear brûkt wurde. Sa’n 1,2 miljoen Dútsers ferhuzen tusken 1950 en 1989 fan Poalen nei West-Dútslân.
It Twa-plus-Fjouwer-ferdrach waard op 12 septimber 1990 troch de beide Dútske steaten, de Feriene Steaten fan Amearika, Frankryk, it Feriene Keninkryk en Ruslân ûndertekene. Dêrmei waard de Oder-Neissegrins, dy’t winliken al sûnt 1945 bestie, formeel fêstlein. Sa kaam der in ein oan de grinsfraach tusken Dútslân en Poalen. Ut en troch wienen der noch wol Dútske en Poalske nasjonalisten mei ymperialistyske fantasyen, mar se waarden yn beide lannen net foar fol oansjoen. Yn 1991 waard de Dútske minderheid troch it Poalske parlemint erkend, yn 2005 waard dy erkenning mei Europeeske ferdraggen bekrêftige.
Dútsktalige minderheid yn Poalen
By de Poalske folkstelling fan 2011 joegen 147.814 minsken oan dat se ‘Dútsk’ wienen. De grutte mearderheid dêrfan (78.595 minsken) wenne yn ’e provinsje Oppeln (Poalsk: Oppole). Benammen yn it easten fan ’e provinsje binne der in protte Dútsktalige ferieningen, yn in pear gemeenten foarmje Dútsktaligen sa’n 40% fan ’e befolking.
Nettsjinsteande de subsydzjes fan ’e Dútske oerheid stiet de Dútske minderheid yn Poalen foar grutte útdagingen. De provinsje Oppeln is in krimpgebiet; it ôfrûne desennium is de befolking fan Oppeln mei sa’n 5% krompen. Neist de algemiene fergrizing spilet de emigraasje fan Dútsktaligen nei 1991 noch hieltyd in rol. In soad Dútsers sochten in better hinnekommen yn it ekonomysk sterkere Dútslân. Fergrizing en emigraasje binne mjitber, mar in dúdlik byld fan de totale omfang fan ’e Dútske minderheid krijst dêrtroch noch net. By de Poalske statistiken moat men ommers rekken hâlde mei de attitude fan de dielnimmers. In protte minsken binne noch hieltyd benaud om by de folkstellingen de nasjonaliteit en/of taal ‘Dútsk’ oan te krusen. De krimpende Dútsktalige befolking soe samar in stik grutter wêze kinne as de statistiken ús fertelle.
Hoewol’t de Dútske minderheid nei 1991 wat taalrjochten krigen hie, wêrûnder taalûnderwiis en twatalige opskriften (op plaknambuorden, monuminten, paadwizers yn it gemeentehûs), wurdt de Dútske minderheid flink bedrige. Nei goed 75 jier wurde Dútsktaligen troch ‘in relatyf grut’ diel fan de jonge(re) generaasjes noch hieltyd foar nazi’s oansjoen. Dútske politisy wurde bedrige, Dútske opskriften wurde regelmjittich oerferve. De lytse Dútske minderheid liket foar guon noch hieltyd in grutte bedriging. De Dútske minderheid docht syn stjonkende bêst om de Poalske mearderheidsbefolking net te provosearjen. Wannear’t Dútske ferieningen filmkes online sette soargje se suver altyd foar Poalske ûndertitels. Sa kinne de Poalsktaligen meilêze en Dútsktaligen meitsje de kâns op fertochtmakkerij lytser. Sûnt 2015 beskikt de Dútske minderheid yn Oppeln oer Dútsktalige fuotbalskoallen, dêr’t fuotbal en Dútske taal boartsjenderwei by elkoar komme. De Miro Deutsche Fußballschule is ferneamd nei de fuotbalspiler Miroslav Klose, dy’t yn Oppeln geboaren is en yn it Dútsk nasjonaal alvetal spile hat. Poalske bern kinne ek meifuotbalje en dogge dat ek. It is ien fan de talrike inisjativen fan de Dútske minderheid om it ferline te ferjitten en yn ’e geast fan bruorskip gear te wurkjen.
Yn 2022 kaam der in grutte politike klap op de kulturele Dútsk-Poalske ferhâldingen. De nasjonaal-konservative PiS-partij besunige bot op it Dútsk as ûnderwiistaal. Ynstee fan trije lesoeren bliuwt der foar de Dútske minderheid noch mar ien oerke Dútske les yn ’e wike oer. It jild dat frijkomt moat nei Poalske lessen yn Dútslân gean. Der wenje ommers sa’n twa miljoen Poalen yn Dútslân. Lykwols foarmje de Dútsers yn Poalen in histoaryske minderheid en de Poalen yn Dútslân binne ymmigranten lykas de Russen, Turken en Syrjers. En it liket foarearst noch net dien te wêzen mei de provokaasjes fan de nasjonaal-konservativen. “Poalen sil noch mear maatregelen nimme as it Dútske regear net om lyk wol”, die PiS-parlemintariër Janusz Kowalski yn april 2022 te witten.
Fan 1945 ôf waard yn East-Europa de Dútske befolking ferdreaun. Boarne: WikiCommons (Creative Commons lisinsje).
De Sorben yn East-Dútslân
De Sorben binne mei harren skiednis fol hichtepunten en djiptepunten in ferhaal apart. De Sorbyske taal is noch net útstoarn en de Sorben wenje as iennichste Slavyske taalminderheid noch hieltyd yn it moderne Dútslân.
Hjoed-de-dei binne der noch sa’n 20.000 Sorben. Der binne twa Sorbyske talen: De measten prate Heechsorbysk, in lytse groep praat Leechsorbysk. De Sorben wenje yn ’e Lausitz, in regio yn ’e East-Dútske dielsteaten Brandenburch en Saksen. De namme Lausitz komt fan de Lusitzi, in âlde Slavyske stam. Hjoed-de-dei binne de Sorben erkend as ien fan ’e fjouwer nasjonale minderheden fan ’e Bûnsrepublyk Dútslân. De oare trije nasjonale minderheden binne de Friezen, Denen en Sinty/Roma.
Krimp en bloei
Yn ’e midsiuwen wie it taalgebiet in hiel stik grutter as de hjoeddeistige Lausitz: De rivier Saale yn it westen, de hjoeddeistige Dútsk-Tsjechyske grins yn it suden, de Neisse yn it easten en de stêderige Wittenberg-Berlyn-Frankfurt (Oder) yn it noarden. Mei de twadde faze fan de Dútske eastkolonisaasje (1200-1400) waard dat hiele gebiet opsûgd yn ’e tsjerklike en bestjoerlike struktuer fan it Hillige Roomske Ryk. It Sorbysk moast tenei konkurrearje mei it Dútsk (faze I).
Oan ’t begjin fan de 16e iuw wie it Sorbyske taalgebiet flink krompen. Yn it foarste plak troch assimilaasje fan grutte groepen Sorben. Los fan in pear lytse taaleilannen by Wittenberg en Meißen wie de Lausitz it lêste taalbastion fan it Sorbysk. De Lausitz wie oan ’t begjin fan ’e 16e iuw in relatyf tichtbefolke gebiet mei sa’n 195.000 ynwenners. It oantal Sorbysktaligen waard op 160.000 rûsd. Mei 16e iuwske statistiken moat lykwols foarsichtich omsprongen wurde, sa krekt binne de sifers net, mar út alles docht bliken dat de mearderheid fan ’e Lausitz Sorbysktalich wie. Op it Lausitzer plattelân like sels sprake te wêzen fan in homogeen taalgebiet, dêr’t it Dútsk noch gjin rol spile.
Nei de midsiuwen waard der hieltyd faker yn ’e folkstaal skreaun en hieltyd minder yn it Latyn. Mei de tanimmende ynteresse foar de folkstalen bloeit de Sorbyske taal yn ’e Lausitz ek op. Al yn ’e 16e iuw ferskynde der in Sorbyske bibeloersetting, tusken 1688 en 1728 ferskynden der 31 boektitels yn ’e Sorbyske taal. Oars as de oare Slavyske gebieten hie de Laustiz (noch) net folle lêst fan ‘Dútsktalige nijkommelingen’ en taalferboaden. It Sorbysk wie in libbene en groeiende taal. Om 1700 hinne soe it oantal Sorbysktaligen sawat 300.000 west hawwe. De 18e iuwske Ferlichting en 19e iuwske Romantyk droegen tige by oan ’e Sorbyske identiteit. Der ûntstie in eigen Sorbyske parse mei kranten en tydskriften, Sorbyske ferieningen skeaten út de grûn. It groeiende oantal sprekkers en it ûntweitsjen fan in nij kultureel bewustwêzen waard troch de machthawwers mei in skalk each besjoen.
Delgong fan de Sorbyske taal en kultuer
Yn 1667 en 1668 makken Dútsktalige foarsten nij taalbelied mei as doel de Sorbyske taal ‘ôf te skaffen’. Dat taalbelied waard yn ’e 18e iuw mei hurde hân tapast. Troch ûnderwiis en tsjerketsjinsten moast de jeugd yn ’e Dútske taal ûnderdompele wurde. De Frânske tiid hie ek grutte gefolgen foar de regio. Yn ’e rige fan Napoleontyske oarloggen waarden in oantal fjildslaggen yn ’e Lausitz útfochten. It leger fan Napoleon wûn de Slach by Bautzen (1813) tsjin Prusen en Ruslân. Tsientûzenen soldaten rekken yn ’e fjildslach fan 20 en 21 maaie dea of ferwûne. De lokale befolking waard slim troffen troch it oarlochsgeweld. Yn 1815 soe it oantal Sorbysktaligen om de 250.000 lizze.
Mei it Kongres fan Wenen yn 1815 waard de Lausitz opdield yn twa gebieten: Leech-Lausitz en Heech-Lausitz. De regio Leech-Lausitz hat in flak of gloaiend lânskip, waard mei it Kongres fan Wenen ûnderdiel fan Prusen en hie yn 1815 sa’n 200.000 Sorbysktaligen. De regio Heech-Lausitz hat mear heuvels en bergen, waard mei it Kongres fan Wenen ûnderdiel fan it Hartochdom Saksen en hie yn 1815 sa’n 50.000 Sorbysktaligen. Foaral de Prusen wienen effektyf yn it bestriden fan it Sorbysk. By de folkstelling fan 1900 krusen noch mar 93.032 minsken Sorbysk as memmetaal oan. Yn it Dútske Ryk (1871-1918), de Weimarer Republyk (1918-1933) en foaral it Tredde Ryk (1933-1945) waard it Sorbysk mei gerjochtsoardielen, taalferboaden, ientalich ûnderwiis en germanisearring fierder ûnderdrukt.
Under Dútsk-nasjonaal bestjoer waarden de Sorben hieltyd wer tsjinwurke. In koepelorganisaasje foar alle Sorbyske ferieningen waard al yn 1848 oprjochte, mar waard in jier letter ferbean. Pas yn 1912 waard nei in protte tsjinakseljen fan ’e Dútske kant de koepelorganisaasje Domowina oprjochte. Domowina is (hjoed-de-dei) krekt as de Ried fan de Fryske Beweging in koepelorganisaasje, mar dan mei betelle meiwurkers, mear subsydzje en foech. Yn 1937 waarden alle aktiviteiten troch de nazi’s ferbean. Twa dagen nei de kaputilaasje fan Nazi-Dútslân waard de Domowina fannijs oprjochte en ek diskear waarden de aktiviteiten troch de DDR ûnderdrukt omdat de organisaasje seperatistyske trekjes hawwe soe. Pas doe’t Domowina ûnderdiel fan it totalitêre kommunistyske rezjym waard, krige de organisaasje wer mear frijheid. Mei it opgean yn it kommunistyske systeem ferlear Domowina yn brede dielen fan de befolking it draachflak.
Foar de Sorbyske beweging wie it kommunisme like desastreus as it nasjonalisme. De taal sels krige wól alle romte yn ’e DDR. Dêrfoar binne ferskillende redenen te neamen: (1) De Sowjets woenen graach sjen litte dat sy alle folken lyk behannelen en (2) dat alle folken yn it kommunisme opgean koenen. Boppedat mei de Slavyske bân tusken Russen en Sorben net fergetten wurde.
It Sorbysk waard yn ’e grûnwet fan ’e DDR opnommen. Op it mêd fan ûnderwiis, kultuer, wittenskip en bestjoer krigen de Sorben alle romte foar harren taal. Sorbyske skoallen en taalorganisaasjes krigen relatyf grutte jildsommen. Yn grutte dielen fan ’e Lausitz waard Sorbysk as ûnderwiistaal ynfierd en troch twatalige opskriften kaam it Sorbysk yn ’e iepenbiere romte werom. Salang’t de Sorben mar yn ’e pas rûnen mei it kommunisme, wie der fan alles mooglik.
De ynstitusjonele stipe yn ’e DDR wie net genôch om it taalferfal (faze II) op te kearen. Nei 1945 kamen der ommers in hiel soad ‘Heimatvertrieben’ (Dútske flechtlingen út East-Europa) yn it gebiet te wenjen. Dêrneist waarden sa’n 100 doarpen en buorskippen foar de brúnkoalwinning ôfbrutsen, sa’n 10.000 Sorben moasten ferhúzje, hiele Sorbysktalige mienskippen foelen útinoar. Wylst yn 1815 noch 250.000 minsken Sorbysk prate koenen, waard it oantal Sorbysktaligen yn ’e jierren njoggentich op sa’n 20.000-30.000 rûsd. Nei sa’n 180 jier fol nasjonalisme en kommunisme wie it oantal Sorbysktaligen mei 90% ôfnommen!
Aktuele taalsitewaasje
Nei de ienwurding fan Dútslân waarden de Sorbyske taalrjochten út de DDR-tiid yn 1991 nochris bekrêftige. It Sorbysk waard as selsstannige taal erkend, mar yn ’e praktyk binne der twa Sorbyske talen:
- It Leechsorbysk wurdt yn ’e regio Leech-Lausitz (dielsteat Brandenburch) praat en soe hjoed-de-dei sa’n 7.000 sprekkers hawwe. Sawat alle memmetalers binne oer de 70 jier. De Poalske Sorabist prof. Tadeusz Lewaszkiewicz skreau yn 2016 dat der heechút noch twahûndert minsken Leechsorbysk prate kinne.
- It Heechsorbysk wurdt yn ’e regio Heech-Lausitz (dielsteat Saksen) praat. Foar it Heechsorbysk sjocht de sitewaasje mei sa’n 15.000-20.000 sprekkers der in bytsje better út. Noardwestlik fan de stêd Bautzen binne noch fiif doarpen mei in Sorbysktalige mearderheid. Chrósćicy (Dútsk: Crostwitz) hat mei 84,4% it heechste persintaazje Sorbysktaligen. De fiif doarpen (en byhearrende buorskippen) foarmje mei-inoar in Sorbysktalich kearngebiet.
Beide talen hawwe elk harren eigen standerttaal. Der binne in pear oergongsdialekten, mar yn prinsipe hawwe de Leechsorben en Heechsorben grutte swierrichheden om elkoar te ferstean.
Sawol it Leechsorbysk as it Heechsorbysk hat in ynnovatyf skoalsysteem en relatyf in protte oerheidssubsydzje. Boppedat hat benammen it Heechsorbysk in relatyf wiidweidich ûnderwiisnetwurk. Yn it basisûnderwiis hawwe 25 basisskoallen it Heechsorbysk as ferplicht skoalfak. Yn it fuortset ûnderwiis brûke 7 ynstellingen it Heechsorbysk as ynstruksjetaal, 3 ynstellingen hawwe it as ferplicht skoalfak en 1 ynstelling biedt twatalich ûnderwiis (Heechsorbysk-Dútsk) oan.
Mei sa’n grut ûnderwiisoanbod en in protte ferieningen en subsydzjes hat it Heechsorbysk alle kâns om te oerlibjen. Tenminste, sa liket it. De driging foar it Heechsorbysk komt lykwols út in oare hoeke. De geboartesifers yn ’e regio binne relatyf leech en as gefolch wurde de skoallen lytser. Yn Chrósćicy wie dat reden genôch om gjin fuortset ûnderwiis mear oan te bieden. Dêrneist is der amper wurkgelegenheid yn ’e regio. De Lausitz ien fan ’e earmste streken fan Dútslân.
Nettsjinsteande de ekonomyske sitewaasje fan East-Dútslân en de driigjende taaldea fan it Leechsorbysk, binne der noch hieltyd Leechsorben dy’t de taal nije ympulsen jouwe. Sa hawwe sy ûnder de wurknamme ‘Zorja’ in projekt op gong brocht om tsien jonge folwoeksenen in jier lang yn in wengroep by elkoar wenje te litten. De dielnimmers moatte tsjin betelling alle wiken minimaal tritich oeren mei de Leechsorbyske taal dwaande wêze. Nei dat jier soenen de tsien jonge minsken in lytse taalmienskip foarmje moatte. Yn Noard-Amearika wienen lyksoartige projekten mei Yndianetalen in grut súkses.
Dûbeltalige paadwizers. Boarne: WikiCommons (Creative Commons lisinsje).
Ta beslút
Mei de komst fan de Oder-Neissegrins is de grinsfraach wol oplost, mar de takomst fan de minderheden oan beide kanten fan ’e grins is ûnwis.
Minderheidstalen hoege net altyd út te stjerren. De sprekkers fan in minderheidstaal kinne harren taal troch politike macht ek belangriker meitsje. Sjoch mar nei it Frânsk yn Quebec, it Papiamento op Curaçao, it Dútsk yn Súd-Tirol en it Katalaansk yn Kataloanië. Hiel eefkes like it derop dat it Sorbysk yn ’e DDR in lyksoartige status krije soe.
Minderheidstalen oerlibje fansels it bêste as elkenien de taal trochjout oan ’e bern. As dat (om hokfoar reden dan ek) net dien wurdt komt it op identiteit en ûnderwiis oan. En dy twa kinne net fan elkoar skieden wurde. Mei goed ûnderwiis allinnich rêdst it net op. Men kin fansels de minderheidstaal op skoallen ferplicht stelle, mar in ridlik oanpart fan de befolking moat de taal dêrnei wol brûke wolle. Sûnder identiteit (lês driuwfear) kinst in taal allinnich mar yntellektueel oerein hâlde. Wa’t de hearts and minds net feroverje wol, kin neffens my better in oare hobby sykje. Identiteit en ûnderwiis kinne ek op in kreative wize by elkoar komme. Sjoch mar nei it foarbyld fan de Leechsorbyske wengroep of de Dútsktalige fuotbalskoallen.