Simmerfakânsje by de Fenesjanen
In ûnsichtbere minderheid?
Ôfrûne simmer (2021) hawwe wy de auto pakt nei Sloveenje. Hearlik yn in fakânsjewenning oan ’e Adriatyske kust. Stomtafallich kamen wy by de Fenesjanen telâne, in minderheid yn Ystrje dy’t ik noch net koe. De regio Ystrje leit tsjintwurdich yn Kroaasje, Sloveenje en Itaalje. En omdat de Sloveenske kust mar 46 kilometer lang is, bist ek samar yn de beide buorlannen ...
De earste yndrukken
De reis begjint fansels al thús. Wannear’t ik op reis gean, wol ik in pear dingen yn de frjemde taal sizze kinne. Dêrom hie ik thús al wat dokuminten mei handige sinnen en wurdlisten op myn tablet set. Gelokkich haw ik yn it ferline in pear wurden Masedoanysk leard. Dat hat my tige holpen om in bytsje Sloveensk en Kroatysk te learen. De Balkantalen (of Slavyske talen) lykje bytiden bêst wol in protte op elkoar. De telwurden ferskille hast hielendal net fan elkoar. Mei de taalhelp op myn tablet koe de reis begjinne. East-Fryslân (Dsl.), dêr’t ik wenje, wie ús begjinpunt. Wy soenen in tuskenstop meitsje yn ’e Dútske Alpen en dêrnei soe de reis fierder gean troch Eastenryk nei Sloveenje.
Ienkear op lokaasje begroete ik de ferhierder fan de fakânsjewenning mei ‘dober dan’ (goedei). De ferhierder, Mario Liscia, wie net bot ûnder de yndruk fan myn talekennis en ferfolge it petear yn it Dútsk. Syn Dútsk wie net hiel bêst en dêrom besocht ik hieltyd wer wat yn it Sloveensk te sizzen. It gong allegear wat mei hannen en fuotten, mar it kontakt wie o sa freonlik en posityf. Mario is in man fan om de sechtich jier hinne en mega relaxed. Hy negearre myn besykjen om Sloveensk te praten. Op dat momint frege ik my noch ôf wêrom ...
Krekt foar oankomst by de fakânsjewenning hienen wy al aardich wat dûbeldtalige buorden sjoen, mar wat dy oare taal no krekt wie? De iene taal wie Sloveensk, de oare taal hie wol wat fan it Italjaansk. Kombuorden, reklamebuorden en paadwizers wienen dus allegear yn dy twa talen. Dêrom typte ik op myn smartphone ‘map national minorities Europe’ en ‘map minority languages Europe’ yn. Ik seach allegear taalkaarten, mar net ien koe myn fermoeden befêstigje. No woe ik it witte ek! Hawar, myn soan stie al klear om nei it strân ta te gean. Earst mar eefkes swimme en snorkelje dus.
Twatalige paadwizers (boarne: eigen wurk) |
Italjanen yn Ystrje
Nei it swimmen en snorkeljen gongen wy wer nei ús fakânsjewente. Op de wei dêrhinne waard ik troch in âldman mei ‘buona sera’ begroete. Huh? Italjaansk? Yn de sykmasine typte ik ‘Italians in Slovenia’ yn en fuort hie ik in treffer. Der soenen noch sa’n 3.500 Italjaanske memmetaalsprekkers yn it Sloveenske kustgebiet wenje. Ik socht fierder en ûntdiek dat der ek noch sa’n 20.000 oant 30.000 Italjaansktaligen yn Kroaasje har thús hienen. De measten wennen yn it Kroatyske part fan Ystrje en yn in pear doarpen wienen de Italjaansktaligen sels yn ’e mearderheid! Oan de iene kant fûn ik dat nuver omdat ik dy taalminderheid noch nea op in moderne taalkaart sjoen hie. Oan de oare kant is it bêst logysk, mar dan moatst wol de skiednis kenne.
Lang lyn wie der in Romeinsk Ryk. Dat ryk foel útinoar en iuwenlang bestie Itaalje út stedsteaten en lytse lannen. De skiednis fan de Republyk Feneesje begjint yn 697 en Napoleon makke yn 1797 in ein oan ’e ûnôfhinklikens. Feneesje wie foar 1797 miskien wol de belangrykste en machtichste ‘Italjaanske’ stedsteat. De Fenesjanen wienen baas oer in grut part fan it kustgebiet fan ’e Adriatyske See. Tusken 1200 en 1700 wienen ek grutte gebieten fan it moderne Grikelân ûnderdiel fan de Republyk Feneesje. Yn de 19de iuw hearde Feneesje noch eefkes by Eastenryk-Hongarije, yn 1866 waard it defnityf ûnderdiel fan it moderne Itaalje.
Alle gebieten dy't ea ûnderdiel wienen fan 'e Republyk Feneesje (boarne: Wikipedia) |
De Republyk Feneesje hearske dus iuwenlang oer de regio Ystrje. Ystrje leit tsjintwurdich yn Itaalje, Sloveenje en Kroaasje, mar foarmet histoarysk-kultureel noch hieltyd in beskate ienheid. Oant en mei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch prate sa’n bytsje eltsenien yn de kuststêden Italjaansk of Fenesjaansk, wylst it binnenlân foaral Kroätysk of Sloveensk prate.
It die bliken dat Mario, de ferhierder, gjin Italjaansk, mar Fenesjaansk prate. Hy wie grutsk op syn Fenesjaanske identiteit en hie ûnderwilens ek al myn frlkenteken sjoen. De D op myn Dútsk kenteken haw ik ommers oerplakt mei in saneamde kentekenstikker dêr’t FRL en de Europeeske stjerren op steane. Mario woe graach witte wêr’t wy wei kamen. Ik sei dat er eefkes wachtsje moast. Op myn telefoan socht ik op de Italjaanske Wikipedia nei it artikel Frisia (Sloveensk: Frízsko) en joech Mario myn telefoan. Ik hie him allinnich it artikel oer de provinsje Fryslân lêze litten, mar al gau die bliken dat Mario aardich goed op ’e hichte wie. Fryslân wie neffens him de hiele kuststreek tusken Ingelân en Denemark. Neffens my hie er it net better ûnder wurden bringe kind en ik joech him myn kompliminten. Mario fûn it ek geweldich dat ik Frysk praat mei ús 11-jierrige soan Hindrik. Hy fertelde my dat de Fenesjanen harren taal yn Sloveenje net mear trochjouwe oan ’e bern. Yn Kroaasje soe dat noch wol sa wêze. Nijsgjirrich, no woe ik mear witte!
Regio Ystrje yn Kroaasje & Sloveenje (boarne: Wikipedia) |
Fenesjaansk en Italjaansk?
Fenesjaansk en Italjaansk binne de talen fan de Italjaanske minderheid yn Ystrje. Formeel telt allinnich it Italjaansk, it Fenesjaansk hat gjin status. Mario syn memmetaal is lykwols Fenesjaansk. Oft Fenesjaansk no in aparte taal is of in sterk ôfwikend Italjaansk dialekt, dat is net altiten dúdlik. De iene helte fan de Fenesjanen sjocht harren taal as in Italjaansk dialekt, de oare helte sjocht it wol as in ‘echte’ taal. Troch de grutte ferskillen mei de standerttaal neame taalwittenskippers it Fenesjaansk faak in taal.
Eartiids praten alle ‘Italjanen’ (Fenesjanen is histoarysk korrekter) yn it kustgebiet fan Ystrje it Fenesjaansk. Tsjintwurdich praat de Italjaanske minderheid yn Sloveenje en Kroaasje foaral de Italjaanske standerttaal. Mario fertelde dat it Fenesjaansk yn Sloveenje allinnich troch sechtichplussers praat wurde soe. Yn Kroaasje soenen noch in pear jonge húshâldings Fenesjaansk mei de bern prate. Mario koe sels ek Fenesjaansk skriuwe, mar foar de measte Italjanen yn Ystrje is Italjaansk dé skriuwtaal.
Piran/Pirano (boarne: eigen wurk) |
Taalûnderdrukking
Eartiids prate sa’n bytsje it hiele kustgebiet fan Ystrje Italjaansk of Fenesjaansk. De Italjanen binne dus in minderheid wurden. Fansels woe ik graach fan Mario witte hoe’t de taalsituaasje feroare is. Mario fertelde my dat âld-diktator Tito dêr ferantwurdlik foar wie. Tito wie diktator fan Joegoslaavje. Tusken 1918 en 1991 bestie Joegoslaavje út de dielrepubliken Sloveenje, Kroaasje, Bosnje en Hertsegovina, Servje (ynkl. Kosovo), Montenegro en Masedoanje.
Tito wie yn de Twadde Wrâldoarloch lieder fan de kommunistyske Partisanen, in fersetsgroep dy’t focht foar in kommunistyske Joegoslavyske steat. Fan 1945 oant syn dea yn 1980 fierde Tito in diktatoriaal bewâld. Mar hoe’t er no krekt de taalsituaasje yn Ystrje feroare hat? Mario fertelde my dat de Italjaanske taal ûnder Tito ferbean wie. Italjaanske bern moasten op skoalle in jier oerdwaan as se ek mar in pear wurden Fenesjaansk of Italjaansk brûkten. De bern mochten dus allinnich mar Sloveensk prate. Mario fertelde ek oer de saneamde eksodus (úttocht) fan Italjaansktaligen. De Italjanen waarden nei de Twadde Wrâldoarloch flink ûnderdrukt en de Slovenen en Kroäten soenen gjin respekt foar de Italjaanske of Fenesjaanske taal hawwe. Mario neamde dat proses ‘balkanisearring’.
Lykwols fertelde Mario net dat fóár 1943 de Italjanen krekt de grutte ûnderdrukkers wienen. Ûnder Mussolini, dy’t stipe waard troch Nazi-Dútslân, waard just besocht om Ystrje te ‘italjanisearjen’. Sy ûnderdrukten de Sloveenske en Kroatyske nasjonalisten, letter dus ek de kommunisten. Slavyske skoallen en tsjerken moasten definityf harren doarren slute, Slavyske efternammen en doarpsnammen waarden omneamd yn Italjaanske.
Fan 1943 ôf begûnen de Partisanen mei harren ferjilding. Sy namen wraak op de Italjaanske befolking fan Ystrje. By de Foibe-massamoarden kamen tûzenen Italjanen om it libben. In foibe is in grutte natuerlik grot mei allinnich in útgong nei boppen. Wa’t deryn falt, komt der dus net samar wer út. Der binne ferskillende ‘foiben’ yn Ystrje. Faak waarden de Italjanen noch libben yn sa’n gat smiten, wêrnei’t it gat bedutsen waard mei ierde. Yn de jierren nei de oarloch is in grut part fan de Italjaanske befolking flechte. De sifers fariearje tusken de 200.000 en 350.000 flechtlingen.
Skematyske werjefte fan in foibe (boarne: Wikipedia) |
De hjoeddeistige situaasje
Hjoed-de-dei is it rêstich yn Ystrje. Oeral sjocht men twatalige opskriften. Oerheid en bedriuwen wurkje der beide oan mei. Nei jierren fan ûnderdrukking fan beide kanten lykje de minsken no yn harmony mei elkoar te libjen. De taalferhâldingen lykje sels ridlik stabyl, ek al wie Mario wat minder posityf oer de posysje fan it Fenesjaansk. By thúskomst haw ik noch eefkes socht nei ynformaasje oer dat ûnderwerp. De Italjaanske minderheid is better organisearre as ik tocht hie. De wichtichste organisaasje foar de Italjaanske minderheden yn Sloveenje en Kroaasje is de saneamde Comunità Nazionale Italiana in Croazia e Slovenia (‘Italjaanske Uny’). Haaddoel is it beskermjen en ûntwikkeljen fan ’e nasjonale, kulturele en taalkundige identiteit fan ’e Italjaanske mienskip.
Neffens de Italjaanske Uny binne der 3.254 Italjanen yn Sloveenje en 28.668 Italjanen yn Kroaasje. It heechste orgaan fan de Italjaanske Uny is de Algemiene Gearkomste mei 75 demokratysk keazen leden dy’t elts in mandaat fan fjouwer jier hawwe. De Italjaanske Uny organisearret in ferskaat oan aktiviteiten (op sportyf en kultureel mêd), jout advys op it mêd fan meartaligens en is de koepelorganisaasje foar de Italjaanske skoallen yn Kroaasje en Sloveenje.
Mei Italjaanske skoallen wurde folslein Italjaansktalige skoallen bedoeld. De skoallen hâlde har fansels oan it lanlik kurrikulum (learplan) fan Kroaasje en Sloveenje, mar dogge fierders alles yn it Italjaansk. Yn Kroaasje hat de organisaasje 14 pjutteboartersplakken, 11 basisskoallen en 4 skoallen foar fuortset ûnderwiis, yn Sloveenje hawwe se 3 pjutteboartersplakken, 3 basisskoallen en 3 fuortset ûnderwiis skoallen. Yn Kroaasje sitte 3.388 bern op in Italjaanske skoalle en yn Sloveenje is dat 1.259 (teljier: 2015/16).
Dêrneist wurdt Italjaansk sawol yn Kroaasje as yn Sloveenje as fak oanbean. Yn de grinsregio begjinne se al op de basisskoalle mei it Italjaansk. Sa’n 15 persint fan de Slovenen kin Italjaansk prate. Dêrmei hat Sloveenje binnen de hiele Europeeske Uny it heechste tal twaddetaalsprekkers fan it Italjaansk. De 15 persint jout wol oan dat it Italjaansk net foar alle Slovenen fan belang is. Yn ’e grinsregio spilet
it in grutte rol, yn de rest fan it lân folle minder. Yn it noardeasten fan Sloveenje, oan ’e grins mei Eastenryk, spilet it Dútsk in folle gruttere rol.
Plysje (boarne: eigen wurk) |
Noch altyd stiet by ús allinnich mar Politie op ’e unifoarmen en plysje-auto’s, wylst der echt noch wol romte is foar it Fryske wurd Plysje. Hieltyd mear Friezen wurde har bewust fan it belang fan it Frysk, mar wy meie bêst wol hurder mei de fûst op ’e tafel slaan. Lyk rjocht foar elts! Goede foarbylden binne der genôch. Lit ús dy foarbylden no ek in kear brûke!
Publisearre yn Nij Frisia, jiergong LXX, nûmer 4.